Bedriuwen

Bedriuwen wei mei kollega's

Der efkes tusken ut mei jo team, yn in ynspirearjende omjouwing, wêr de  bân wer sterker wurde kin en wêr romte is foar de ûntjouwing fan nije ideeën foar de organisaasje. StrooDrie beskikt net allinne oer in sfearfolle akkommodaasje, mar ek oer in prachtige fergader/wukrumte mei in fantastysk útsicht en alles wat nedich is foar ien ynspirearjend ferbliuw fan jo meiewurkers.

Bedriuwen wei mei kollega's

Ynspirearjende omjouwing

Ien fan de wichtichste pluspunten fan in ferbliuw yn StrooDrie is fansels de ynspirearjende omjouwing. Krekt yn sa’n omjouwing krije jo meiewurkers de mooglikheid har kreativiteit de frije rin te litte. Boppedat biede sawol StrooDrie as de omjouwing soad mooglikheden foar spesjale teambuilding-activiteiten. Tink bygelyks oan sport en spul, in moaie kuier troch de natoer, farre op it Drintse wetter of in survivaltocht. En nei dy aktiviteiten is it hearlik sitte op it sinnige, romme terras by de akkommodaasje. Fansels foarsjen fan foldwaande sitplakken, hearlike parasols en de mooglikheid om bûten te barbecue. Njonken it barbecueën biedt StrooDrie foldwaande gelegenheid om sels te itensiede. Dêrnjonken is it mooglik om in cateraar yn te skeakelje; hjir kinne wy jo advys yn jaan.

Ynspirearjende omjouwing

Sfearfol genietsje mei kollega's

StrooDrie hiet geregeld groepen kollega’s wolkom foar in hearlik wykein of in ferbliuw fan 5 dagen op it Drintse plattelân. De goeie fasiliteiten, prachtige lizzing en oantreklike tariven meitsje StrooDrie oantrekkelijk as lokaasje foar in bedriuwsuitsje.

Sfearfol genietsje mei kollega's