Soarggroepen

StrooDrie: maatwurk foar soarggroepen

Alle jierren fine withoefolle soarggroepen har wei nei StrooDrie. Dat is ek net gek: ús groepsakkomodaasje is folslein ynrjochte op it gebrûk troch soarggroepen. De akkommodaasje is – sawol binnen as bûten – sunder drompels, alle sanitêre foarsjenningen binne rom opset en ferskillende sliepkeamers hawwe in heeg – leeg bêd. Mar dat is fansels net alles: StrooDrie is foaral in gesellige akkommodaasje, mei in sfearfolle wenkeamer, in prachtige butenromte en soad gemak.

StrooDrie: maatwurk foar soarggroepen

In noflike wenkeamer

Earder stiene der kij, tsjintwurdich is it it hert fan groepsakkomodaasje StrooDrie: de prachtige wenkeamer. De âlde, sichtbere constructie is it iennige dat noch te binnen bringt oan de funksje dy dizze romte earder hie. No is it in gesellige romte wêr jo bygelyks by de iepen hurd  sitte kinne,  boartsje kinne mei boardspultsjes of yn aksje kinne komme wilens in potsje darte, tafeltennisje of in spultsje ald – Hollansk sjoele. By groepsakkomodaasje StrooDrie kin it allegearre. Tanksij de keuken dyt grinzed oan de wenkeamer is it boppedat maklik om kontakt te hâlden wilens it itensiede. De wenkeamer en keuken biede ek sicht op en tagong nei de butenrumte.

In noflike wenkeamer

Folslein net mear te soargje hoefe foar soarggroepen

Wy doche der alles oan om in ferbliuw by StrooDrie foar soarggroepen sa noflik mooglik te meitsjen. De hiele akkommodaasje is ynrjochte op it gebrûk troch soarggroepen, wat bygelyks te fernimme is oan de yndieling sunder drompels, brede doarren, oanpaste huskes en bruses, en it oanwezig weze fan bad- en sliepkeamers op de begeane grûn. Boppedat beskikt StrooDrie oer twa (losse) brusestuollen.

Folslein net mear te soargje hoefe foar soarggroepen

StrooDrie hat plak foar elke soarchgroep en tinkt graach mei jo mei

By StrooDrie hite wy al jierrenlang ferskate soarggroepen wolkom. Wy witte dêrom dat it foar komme kin dat in groep bepaalde spesifike winsken of easken hat. Dêr tinke wy graach yn mei. Sykje jo in moaie, noflike en benammen ek gesellige groepsakkomodaasje foar in soarchgroep mei spesjaal ferlet? Nim dan gerêst kontakt mei ús op. Wy fertellen jo graach mear oer de mooglikheden en tinke mei jo mei. Sa kinne jo der gerust op weze op in noflik ferbliuw by StrooDrie!

StrooDrie hat plak foar elke soarchgroep en tinkt graach mei jo mei