Fasiliteiten

Fasiliteiten mear ynformaasje Tips handich om te witten

Faksiliteiten fan Groepsakkommodaasje StrooDrie

By Groepsakkomodaasje StrooDrie dogge wy der alles oan om jo ferbliuw sa comfortabel mooglik te meitsjen. Dêrom fertellen wy jo foarôf graach mear oer de ferskillende fasiliteiten dy t jo yn ús groepsakkomodaasje kinne fine.

Faksiliteiten fan Groepsakkommodaasje StrooDrie

Terrein

It terrein fan StrooDrie is rom opset. By oankomst falt direkt it rgrutte parkeerterrein en it wiidweidige bjoaterswfjild op. It bjoatersfjild is omheind. Op it bjoatersfjild kin men hearlik fuotbalje, basketbalje, volleybalje of trampoline springe. Ek is der in skommel en gliidbaan te finen. StrooDrie beskikt dêrnjonken oer in rom zonterraske en in terras ûnder in gesellige oerkapping. Dêr kinne jo eventueel – tsjin betelling – ek gebrûk meitsjen fan de barbecue. Op sawol it terras as ûnder de oerkapping kinne jo ek gebrûk meitsjen fan de houtkachel.

Terrein

Sliepkeamers

Groepsakkomodaasje StrooDrie beskikt oer tolve sliepkeamers, dy t romte biede oan op syn heechst 30 persoanen. Alle sliepkamers binne foarsjoen fan in waskgelegenhiid, handige bedlampkesen noflike bêden (binnenvering). Ek beskikke in oantal keamers oer in heeg- leeg  bêd.

Sliepkeamers

Sanitair

Groepsakkomdaasje StrooDrie is foarsjoen fan 7 huskes en royale 5 ndoucherumtes. Dizze doucherumtes binne te finen op de begeane grûn en op de 2e ferdjipping. Op de begeane grunbinne der in twatal oanpaste douches.

Sanitair

Keuken

Hoewol der ferskillende mooglikheden binne om lekker út iten te gean yn de omjouwing fan StrooDrie, kinne jo fansels ek sels itensiede. Neat versterkt onderling sa as earst in miel tegearre berêde en dizze dêrnei op te iten! De keuken fan StrooDrie is fan alle gemakken foarsjoen. Dizze beskikt oer in zespitsgasfornus, in grutte kuolkast, in magnetron, in kofjesetapparaat (filters wurde bii levere), in horecasnelwaskapparaat(ynklusyf waskmiddel), in Senseo-apparaat en in wetterkoker. Fansels is ek tocht oan it nedige servies en keukengerei.

Keuken

Bykeuken

In waskje draaie? Of alle boadskippen op in praktische manier opslaan? Dat kin allegearre yn de bykeuken. Yn de bykeuken fine jo in kuolkast meivriesfak, in frieskast, in waskmasjine en in droeger.

Bykeuken

Wenkeamer

Lêst, but certainly not least: wier fakânsje fiere kin fansels ek yn de gesellige wenkeamer fan StrooDrie. Yn dizze wenkeamer kinne jo lekker genietsje fan it miel, mar ek op de bank sitte of hingje, by de iepen hurd. Oan fermeits is ek tocht: boartsje in potsje darts, genietsje fan ald-Hollands sjoele, boartsje ien fan de withoefolle spultsjes út de spultsjeskast, harkje nei in muziekje of besjoch ien fan it grut tal films dy’t yn de wenkeamer te finen is. Gewoan lekker kletse of in boekje lêzen kin fansels ek!

Wenkeamer